Vamke Katrina fân ’t Boskfjild

Vamke Katrina fân ´t Boskfjild is berne yn juny 2006 yn Abbenbroek ûnder de namme Katrina. Sij stamt ôf fan Arend RV en Sarina S. Arend RV is ûnderwilens ferkoft en stiet no yn Itaalje. Sarina S is yn begyn 2006 ferstoarn ivm met her âldens. De dekking hat op natuerlike wize plak fûn yn Friezenstâl ’t Grupje te Zandpol. Op it momint dat wy Katrina ophelle ha wisten wy net wa’t har heit en mem wiene. Troch nijsgjirrigens binne wy op ‘e sneup gien en binne troch speurwurk en DNA-testen efter har komôf kommen.

Doe’t har komôf wis wie krige se fan it Frysk Hynstestamboek in nij libbensnûmer en in nij paspoart. Se waard ek byskreaun yn byboek 2 fan it stamboek en krige se in blau papier. It blauwe papier krige se omdat har heit net in goedkarde hynst wie. By in nij libbensnûmer en in paspoart heart ek in nije namme. Want yn it jier fan har berte moast de namme begjinne mei in t, u of v.

                                                                

Har orizjinele namme woenen wy har hâlde litte en mei wat sykjen kamen wy der efter dat Vamke in Fryske merjenamme wie. Har efternamme wie net sa dreech en-omdat se by de famylje heart- krige se ús efternamme yn it Frysk. Dus Bosveld waard Boskfjild. Sa ûntstie de namme “Vamke Katrina fân ’t Boskfjild”. Har ropnamme bliuwt Katrina.

Vamke Katrina fân ´t Boskfjild is in guodlike, leave merje mei dochs wol wat in eigen wil , mar se is wol goed fan oannimmen. Sa no en dan hat se in dúdlike hân nedich om har te fertellen wat se dwaan moat. Fierder wol se wol nei foaren en hat se in moaie romme gong. Se fynt it prachtich om earne nei ta te gean en se wol graach foar dy wurkje. Boarstele wurde fynt se prima, mar net te lang want dan wurdt se ûngeduldich. Se is nijsgjirrich fan aard en mei graach alles yn ‘e gaten hâlde wat der om har hinne bart.

                

                                                  Arend RV de heit fan Vamke Katrina fân ’t Boskfjild

                

                                                        Sarina S en Vamke Katrina fân ’t Boskfjild(as fôle)