Hiemside

Wolkom op ús webstee fan de Fryske Hynstepleats. It webstee fan de Fryske Hynstepleats giet oer in pleats mei allinne Fryske hynders. De Fryske hynders wurde beleard foar sawol ûnder it seal as foar de marathonwein. Fierder wurde se alle wiken traind om mei dressuerwedstriden meidwaan te kinnen. Dit alles is it folgjen op it webstee fan de Fryske Hynstepleats. Nijsgjirrich wurden, besjoch dan gerêst de oare siden fan it webstee.

Us foarleafde foar it Fryske ras is om reden fan syn/har útstrieling , beweging en aard. Wy sille dit sjen litten oan de hân fan foto’s en films. Boppedat sil ek te sjen wêze wat der sa al wike op wike by ús op ‘e Fryske Hynstepleats bart en litte wy de minsken yn ‘e kunde komme mei ús Fryske hynders dy’t op dit stuit op ús bedriuw binne. Ien fan de hynders , dy’t no by ús op stâl stiet is:

Vamke Katrina fân ’t Boskfjild

In fierdere útwreiding fan it tal Fryske hynders is net útsletten. Alles wat by ús op de Fryske Hynstepleats bart is kleare hobby en stiet yn it teken fan it Fryske hynder. De Fryske Hynstepleats hat neat te krijen mei in hannelsstâl en/of in KY-stasjon.