De Pleats

De pleats is in greidepleats mei in pear hynsteboksen en in tal hektaren oan lân. De pleats leit yn it hert fan Fryslân tusken Snits en Ljouwert. Op de pleats kin gebrûk makke wurde fan in lonzjearbak fan 25 by 25 meter , dy’t yn de simmer fan 2009 oanlein is. De lonzjearbak hat drainaazje en der stiet in houten stek mei skriktried om hinne. It is de bedoeling de bak te fergrutsjen ta offisjele rydbakformaat , sa dat der ek yn riden wurde kin.

Oan wjerskanten fan de pleats leit gerslân foar it weidzjen fan de hynders. It lân wurdt ek brûkt foar it riden ûnder it seal en foar de marathonwein.

It waskplak is efter de pleats dêr’t de hynders nei it wurk wosken en ôfspield wurde kinne. De bisten kinne hjir ek boarstele wurde , sturt en manen hierkjimd en de hoeven fersoarge. Op trije plakken is der romte om de hynders it tûch op te lizzen foar ûnder it seal of foar de marathonwein.

Yn novimber 2009 is in nije atec duo hynstetreler kocht mei romte foar 2 hynders. De hynstetreler hat op 27 april 2010 de namme De Fryske Hynstepleats krige en der is in kamera yn pleatst, ek is der in electrische lier yn pleatst. Yn dy snuorje is ek in marathonwein op luchtbannen oanskaft mei remmerij op 4 tsjillen. Op de marathonwein is plak foar 6 persoanen en kin brûkt wurde foar inkeld – en dûbelspan. De twadde marathonwein, oantúcht yn novimber 2010, is útfierd mei stjoerfertraging , remmet ek op flouwer tsjillen en hat romte foar trije persoanen. Beide marathonwein binne net mehr op de pleats en der is yn nije Leon marathonwein foar in ‘e plak kaam. In inkeld- en dûbelspantúch wie al beskikber op de Fryske Hynstepleats.

Ta ús foldwaan ha wy ek in folsleine lonzjeartúch mei lonzjearswipe nij oanskaft yn maart 2010. It is dus mooglik de Fryske hynders in pear kear yn ‘e wike te trenen yn de lonzjearbak.

It foer bestiet út hea , kuil en brok. Hea en kuil wurdt fan eigen lân wûn en brok ynkocht. De Fryske hynders krije in pear kear op in dei hea en kuil as se winterdeis op stâl stean. Yn ‘e simmer gean se nei bûten it lân yn en wurde mooglik jûns byfuorre as se wer op stâl komme. As ekstra’s krije se wol appels en woartels. Alle jûnen wurde de hynders wer op stâl set en gean se de oare moarns (betiid) wer de greide yn.